It album amicorum fan Rinse Koopmans, koartlyn wer foar it ljocht kommen, blykt in oant no ta ûnbekende Fryske albumynskripsje út 1794 te befetsjen. De ynskriptor, Jacobus Scheltema, sitearret in tal dichtrigels fan Gysbert Japix en ferwiist yn de opdracht by
Neffens de gewoante fan syn tiid hold de lettere heechlearaar Rinse Koopmans (1770–1826) as studint in album amicorum (‘freoneboek’) by, dêr’t er ynskripsjes fan mei-studinten en oare kunde yn sammele. Dat album kaam op 20 desimber 1989 by feilinghûs Van Gendt yn Amsterdam ûnder de hammer. It waard doe oankocht foar de bibleteek fan de Verenigde Doopsgezinde Gemeente Amsterdam, dy’t as brûklien ûnderbrocht is by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam. Dêr rekke it hânskrift bûten sicht, oant it ôfrûne moanne wer opdûkte tusken noch te katalogisearjen materiaal.
Rinse Koopmans waard yn 1770 berne yn Grou, yn in meniste fermidden. Al op syn sânde kaam er op de Latynske skoalle yn Ljouwert, dêr’t Valentinus Slothouwer doe rektor fan wie. Fan 1788 oant 1794 studearre Koopmans oan it Doopsgezind Seminarium yn Amsterdam. Fan 1796 ôf wie er meniste dûmny yn Amsterdam, oan 1814 ta, doe’t er beneamd waard as heechlearaar oan it Doopsgezind Seminarium. Dêrnêst hold er him graach dwaande mei histoaryske letterkunde; sa skreau er stúdzjes oer Dirk Rafaëlsz Camphuysen en Constantijn Huygens. Op lettere leeftyd teach er werom nei Fryslân en sette er him nei wenjen yn Koudum, dêr’t er yn 1826 ferstoar.
Koopmans krige of kocht syn album amicorum, stutsen yn in kreaze brúnlearen bân mei goudstimpeling, yn 1789, sa’t op te meitsjen falt út it jiertal dat op it achterplat fan de bân stimpele is. De earste ynskripsje, net datearre, is fan de al neamde Ljouwerter rektor Valentinus Slothouwer. Dan folgje
Jacobus Scheltema, in jongere broer fan de samler (en betinker) fan Fryske sprekwurden en folksferhalen Paulus Cornelis Scheltema, waard berne yn 1767 yn Frjentsjer en studearre rjochten yn syn bertestêd. As patriot wykte er yn 1789 út nei Steinfurt, om him twa jier letter as keapman te fêstigjen yn Amsterdam. Dêr sleat er him oan by de remonstranten. Nei de revolúsje fan 1795 gong er tydlik nei Fryslân werom foar in funksje yn tsjinst fan it nije bewâld. Yn de desennia dêrnei makke er karrière binnen it bestjoer en de rjochtspraak. Dochs hold er ek tiid oer en publisearje wiidweidich oer tal fan benammen skied- en letterkundige ûnderwerpen. Jacobus Scheltema ferstoar yn 1835

De bydrage fan Scheltema oan it album amicorum fan Koopmans is datearre 26 augustus 1794. In albumynskripsje begjint fakentiids mei in sitaat. Oars as de measte ynskriptoaren yn Koopmans syn album ûntlient Scheltema dat net oan de Bibel, in klassyk auteur of Ferljochtingsmannen as Voltaire, Rousseau en Gellert, mar oan Gysbert Japix. It giet om njoggen rigels út ‘Reamer
- D’Oprieuchte deughd let ijerzen, stiel nog fjoer-wirck,
Mar stiet allijck ijen klippe aof getten moerwirck,
Dat wijkt nog schrikt for storm nog twiere fleag.
IJen from gemoed, al woe de wrâld om-kere,
Dat het, dat hâdt ijn God ’t jinge it bejere,
Moed, wille, treast, fornoeijen, winsck in wâd.
Al bloeide aerne ijen Lân ijn frêe in resten,
It leijt oere heap trog oproer, schoering’, lesten,
Eer ij omsjea neij wijze fenne wrâld.
De tekst lit lytse farianten op de edysjes fan 1668 en 1681 sjen – it opfallendst is ‘twiere fleag’ yn stee fan ‘swiere-fleag’ – mar stiet it tichtst by dy fan 1681. Op it sitaat folget in dedikaasje, dêr’t Scheltema yn ferdútst wat him en
- Hoascke frieun! dit schrieuw ik hier al-
linne om oon dij bij it troagnoassjen fen disse naamlijste,
it fornoeijen, dat wij sa folle reisen bij it oerkoaggien
fenne huinig zwiete ticht-wircken fen Gijsbert Japiks
smeitst habbe, war for dij Geast to bringen.
Ik fuwge hier eak bij, dat ik mij forhuwge ijn
dijn frieunschip, dat ik dij Allerheagste tank dij
to kennen in dat ik dij bij de aade Friescke trouw
bezwar, onforwriggeliende to schille blieuwe
Dijn onforfalsche stalcke Japik Scheltema
Corn soon fen Frentjer
17 8/26 94.
It Latynske wurddiel yn de rjochter boppehoeke rint troch op de kearside fan it blêd: ‘Conjuges ac amantes’ (mei-inoar troud en inoar leavjend). Dy wurden keppelje de bydrage fan Jacobus Scheltema oan de (Hollânsktalige) ynskripsje dy’t syn frou Pietje Scheltema-Ennema in dei earder op dy kearside skreaun hie.
Koopmans en Scheltema hienen beide grutte niget oan it bestudearjen fan it wurk fan Gysbert Japix; bewiisplakken dêrfoar jout Philippus Breuker yn syn proefskrift
- Ofbyldings: Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam, bibleteek fan de Verenigde Doopsgezinde Gemeente Amsterdam,
