Georg Trakl, Yn Hellbrunn

 
Yn Hellbrunn

De blauwe kleirop fan de jûn wer folgjend
Lâns de heuvel, by de maitiidsfiver –
As sweefden dêr de skimen fan lang ferstoarnen oer,
De skimen fan prelaten, aadlike dames –
No al bloeie yn it jûnsdal harren blommen,
De treftige fioeltsjes, rûzet fan de blauwe welle
De kristallen weach. Sa geastlik grienje
De iken oer de ferjitten paden fan de deaden,
De gouden wolk boppe de fiver.

 

In Hellbrunn

Wieder folgend der blauen Klage des Abends
Am Hügel hin, am Frühlingsweiher –
Als schwebten darüber die Schatten lange Verstorbener,
Die Schatten der Kirchenfürsten, edler Frauen –
Schon blühen ihre Blumen, die ernsten Veilchen
Im Abendgrund, rauscht des blauen Quells
Kristallne Woge. So geistlich ergrünen
Die Eichen über den vergessenen Pfaden der Toten,
Die goldene Wolke über dem Weiher.

 

Ut it tydskrift Der Brenner, 1914/1915. Hellbrunn is in slot mei park even bûten Salzburg, de stêd dêr’t Trakl hikke en tein is. In prins-aartsbiskop, Marcus Sittikus von Hohenems, hat Hellbrunn bouwe en oanlizze litten. Yn it park binne fivers en fonteinen.

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Yn Hellbrunn

Georg Trakl, Op de Mönchsberg

 
Op de Mönchsberg

Wêr yn it skaad fan hjerstige ipen it ferfallen paad delrint,
Fier fan de hutten fan leaf, sliepende herders,
Folget hieltyd it donkere stal fan de kuolte de swalker

Oer de biennen batting, de jongfeint syn hyasinten stim,
Sêft foardragend de fergetten leginde fan it wâld,
Stiller in sike no de broer syn wylde kleirop.

Alsa roert in skraal grien de knibbel fan de frjemdling,
De ferstienne holle;
Tichterby rûzet de blauwe welle de froulju harren weeklacht.

 

Am Mönchsberg

Wo im Schatten herbstlicher Ulmen der verfallene Pfad hinabsinkt,
Ferne den Hütten von Laub, schlafenden Hirten,
Immer folgt dem Wandrer die dunkle Gestalt der Kühle

Über knöchernen Steg, die hyazinthene Stimme des Knaben,
Leise sagend die vergessene Legende des Walds,
Sanfter ein Krankes nun die wilde Klage des Bruders.

Also rührt ein spärliches Grün das Knie des Fremdlings,
Das versteinerte Haupt;
Näher rauscht der blaue Quell die Klage der Frauen.

 

Ut Sebastian im Traum, 1915. De Mönchsberg, ien fan de fiif bergen om Salzburg hinne, leit westlik fan it stedssintrum. Oan de foet fan de Mönchsberg stie Trakl syn bertehûs.

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Op de Mönchsberg

Poste restante XLIV

‘Oranje-Bierhuis LEEUWARDEN.’ (m.û.), 1909. Ljochtdruk, 89×138 mm. Utjûn troch Anne Roukema, Ljouwert. Foto: Aaltje de Jong, Ljouwert. Poststimpels Ljouwert 01-08-1909 en Apeldoarn 02-08-1909. Ferstjoerd oan Jentje Boltje, Apeldoarn, troch ‘Hoving’.

B. Vr [= Beste Vriend]
Goed gearriveerd. Vertrek hedenavond naar Sneek
Beste mokkels. ’t Bier uitstekend
Gegroet van Hoving

‘Beste mokkels’, stiet dat der echt? Of lês ik it ferkeard en hat Hoving in lekker pantsje ‘mossels’ iten? Moksels wienen yn it Oranje-Bierhûs ommers wol te krijen. Mar nee, Hoving skreau echt ‘mokkels’. Dy sil er yn dat Ljouwerter kafee wol net troffen hawwe; de kliïntêle wie folslein manlik, as de byldside fan dizze kaart teminsten de werklikheid werjout. Hie Hoving op wei nei de kroech earst in oarsoarte hûs fan plezier oandien?

Mokkel, in nijsgjirrich wurd. De oersetter en redakteur Theo Veenhof skreau yn 1999 in artikel oer it Hollânske mokkel yn it tydskrift Onze Taal. Nêst de betsjutting ‘een dik, mollig kind of meisje, ook eene dikke vrouw’, jûn yn it Woordenboek der Nederlandsche Taal (diel IX, 1913), hat mokkel ek de tsjintwurdich gongberder betsjutting ‘meisje’, murk Veenhof op. En yn it Bargoensk stiet mokkel foar sawol ‘vriendin, geliefde’ as ‘hoer’. It wurd is besibbe oan mokke, dat ‘zeug’ en fan dêrút ‘morsig wijf’ of ‘hoer’ betsjut (nêst ‘klein, rond koekje’) en al út midsiuwske boarnen bekend is. Oan de besteande etymo­logyske ynsichten foege Veenhof noch in eigen suggestje ta: mokkel soe neffens him ûntliend wêze kinne oan it Spaanske moçuela, ‘famke’.

Yn it Frysk bestiet mokkel ek. It Wurdboek fan de Fryske taal jout de âldere betsjutting fan ‘stevige of lekkere meid’, net de algemienere fan ‘meisje’, ferwiist dêrby nei Waling Dykstra syn Friesch woordenboek (diel II, 1903) en jout sels as ierste fynplak in sitaat út in ferhaal fan Douwe Kiestra út 1934. Dêrnêst hat it WFT it wurd moggel – ‘dik, mollig kind’ en ‘dikke vrouw’ – dat al fûn wurdt by Joast Hiddes Halbertsma. Yn de nei-oarlochske Fryske skriuwerij dûkt mokkel geregeldwei op, meast yn de betsjutting fan stevich of lekker fanke. Sels de trochstrings sa eptich skriuwende Douwe Kalma of all people hat ris mokkel brûkt, yn in oersetting fan in komeedzje fan Shakespeare. Dy oersetting ferskynde yn 1956, nei de dea fan Kalma. Yn in besprek yn de Fryske edysje fan Het Vrije Volk (bondele yn It kritysk kerwei, 1990) utere Anne Wadman syn reserves by

de frijmoedichheden dy’t Kalma soms oandoar op it stik fan al te âldmoadrich ôf al te nijerwetsk taalgebrûk. Dat er praat fan “permanintsjen” (hier yn ’e krol setten), mei as grapke noch hinnebruie. Mar past it grouwélige wurd “mokkel” (Amsterdams bargoens) yn de Fryske fertaling fan in 17de-ieuske tekst?

Leeuwarder Courant, 27-03-1905

Ja, dat kin passe, tink ik. Mar goed, werom nei it selskip yn it Oranje-Bier­huis. De klanten, trettjin yn totaal, binne allegearre jonge­hearkes mei in hoed of pet op ’e holle, en de njoggen dy’t sitte hawwe spylkaarten yn ’e hân. ‘Dankzij nauwgezet speurwerk van een bevriende relatie en tijdgenoot van de afgebeelde personen’ koe H.W. Keikes yn de Leeu­war­der Courant fan 10 febrewaarje 1962 de nammen fan frijwol alle jongehearkes jaan. Op de tafels glêzen bier, stik foar stik kreas op in pantsje. Op in boerd links achter en op in buordsje hielendal rjochts wurdt Dortmunder Actien-Bier oanbefelle. De buordsjes dêrûnder meitsje dúdlik dat der garnalen, moksels en marinearre hjerrings binne foar wa’t roppich is. Midden achter hinget in affysje fan de noch altyd besteande fuotbalferiening L.A.C. Frisia (de ôfkoarting stiet foar ‘Leeuwarder Athletische Club’). Links dêrfan kundiget in oanplakbiljet in optreden oan fan it humoristyske selskip Solser & Hesse op snein 7 febrewaarje 1909 yn de Harmonie. En op de ynliste foto boppe de bar is in ballonfeart ferivige.

Leeuwarder Courant, 16-06-1905

Nêst kliïntêle stiet der op de ansicht betsjinjend personiel: midden achter in man sûnder hoed of pet en in frou, dy’t beide in blêd mei glêzen bier drage, en rjochts achter de bar in âldere frou mei floddermûtse. De man is útbater Anne Roukema (1859–1934), ôfkomstich fan De Lemmer, dy’t skroar west hie foardat er kastlein en loazjeminthâlder waard yn Ychten. Yn 1887 wie er troud mei de Lemster winkelfrou Geertje de With (1851–1923), widdo fan Hendrik Timmerman, dy’t twa jier earder op âldjiersdei ferstoarn wie yn it Frjentsjerter kranksinnigegesticht. Yn 1905 dienen Anne en Geartsje harren loazjemint yn Ychten fan de hân en ferfearen se nei Ljouwert om dêr it Oranje-Bierhuis, nêst it eardere stedhûs oan it Riedhûsplein, oer te nimmen. Nei in ferbouwing waard it kafee op 1 april opnij iepene. Tsien jier letter, yn maaie 1915, dienen Anne en Geartsje de saak oer oan de Amsterdammer Wilhelmus Antonius Kalse.

Geartsje is de frou mei de floddermûtse. De jongere frou op de ansicht is sûnder mis Margje Tolman (1879–1947). Ofkomstich fan Eastersee liet sy har yn 1905 yn Ljouwert ynskriuwe as tsjinstfaam, wat letter feroare waard yn buffetjuffrou, by it echtpear Roukema. Margje, ropnamme Martha, wenne by de Roukema’s yn it ‘Raadhuistraatje’, letter omdoopt yn Auckema­strjitsje, op nûmer 2. Dat wie en is it adres fan it Oranje-Bierhuis; de húshâlding wenne mei oare wurden boppe de saak. Letter setten de Roukema’s harren nei wenjen yn de Willem Loadewykstrjitte 55, en Margje ferhuze mei.

Anne Roukema joech de kaart yn eigen behear út. In blynstimpel­tsje op it eksimplaar boppe-oan dit blog ferriedt dat de foto makke is troch Aaltsje de Jong of in meiwurker fan har; Aaltsje hie in fotografysk atelier op it adres Nijstêd 53. Wierskynlik wie de kaart inkeld te krijen yn it Oranje Bierhuis sels en waard er fral troch ‘Oranje-klanten’ ferstjoerd. Ek de útbaters fan it Oranje Bierhuis sels brûkten de kaart foar harren korrespondinsje. Ik haw alteast in twadde eksimplaar dat troch Geartsje de With en Margje Tolman yn april 1909 ferstjoerd is nei âlde kunde yn Ychten, te witten Grytsje Otter, widdo fan Jacob Visser.

In oare ansicht bringt de útbaters better yn byld. Sûnder klanten derby poseare se trijeresom tusken toanbank en buffetkast, mei Geartsje oan de taap. It buordsje rjochts makket dúdlik dat der yn it Oranje-Bierhuis ek Fosco, in popu­lêre sûkeladedrank, te krijen wie. In dronken hân hat op de achter­kant fan myn eksimplaar fan dizze ansicht de datearring 16 septimber 1908 skreaun. Der besteane fan Anne, Geartsje en Margje mear portretten: Fenno Schoustra printe yn syn advertinsjeblêd ’t Kleine Krantsje op 8 febrewaarje 1975 en 24 maart 1978 trije foto’s fan harren ôf út likernôch 1900–1920. Unbekend is wêr’t dy foto’s bedarre binne.

Oernommen út ’t Kleine Krantsje,
nû. 310, 24-03-1978

Roukema wie kroech­baas wurden fan it âldste noch besteande kafee fan Ljouwert. It romrofte Oranje-Bierhuis is ryk oan histoarje. De namme – yn earder tiid Oranje Koffijhuis – soe ynjûn wêze troch de nabyens fan it steedhâlderlik hof. Yn it jier dat Roukema de ansicht boppe-oan dit blog útjoech, ferskynde der yn de Friesche Courant in rige artikels oer de practical jokes dy’t stam­gasten fan it Oranje-Bierhuis om 1890 hinne úthelle hienen mei de gernier Lodewijk Rodenhuis (1824–1907) as slachtoffer. Sa hie Rodenhuis de eare hân om de romrofte Frânske generaal Boulanger te ûntfangen yn syn wente yn de Grutte Heechstrjitte. It sil by dy gelegenheid west hawwe dat Rodenhuis syn bynamme Rouge-Maison krige. Ek hie de ferneamde ûntdekkingsreizger Stanley – dy fan ‘Dr. Livingstone, I presume?’ – him in besite brocht. De stamgasten hienen fan harren fiten hiele teäterstikjes makke, en de goedleauwige Rodenhuis wie der hieltyd wer mei iepen eagen ynrûn.

Jierren letter, yn 1936, waarden de artikeltsjes bondele yn it boekje Rouge-Maison in het Oranje Bierhuis, in útjefte fan de Coöperatieve Handelsdrukkerij. It boekje is fermeardere mei oantinkens oan Rodenhuis en syn frou troch in âld-kommensaal fan harren. Hy bringt syn eardere hospes en hospita ta libben, foaral troch se sjeuïch Liwwadders sprekkend op te fieren. Sels bliuwt de skriuwer lykwols anonym. De katalogus fan Tresoar set it boekje op namme fan in J. van der Werf, mar op grûn wêrfan is in riedsel. Rouge-Maison in het Oranje Bierhuis hat oars ferskate kronikeurs fan de Ljouwerter histoarje stof jûn foar krantestikjes en artikels. It meast ynformatyf is wol de bydrage ‘Myn koekeltsje’ fan Leendert Plaisier yn Leovardia, nû. 23 (maaie 2007).

It Oranje-Bierhuis doe’t Ype Schaaf kroechbaas wie,
ansicht, ±1917–1930

Oars as ôfstjoerder Hoving sil de ûntfanger fan de ansicht boppe-oan dit blog wol net mear de measte ynteresse hân hawwe yn los­rinnende ‘mokkels’. Jentje Boltje, gemeente-opsichter yn Apeldoarn, hie doe grif al fêste ferkearing mei de faam mei wa’t er in jier letter troude: Pietje Kerkstra. Jentsje wie yn 1881 berne yn Nijehaske, Pytsje yn 1888 yn Tsjalbert. Se ferstoaren yn respekti­ve­lik 1967 en 1976 en lizze begroeven yn Aldehaske.

En wa wie Hoving? Ik wit it net. De swankebast is achter bierdampen en tabakswalmen ferdwûn.

Pleatst yn Poste restante | Tagged , , , , , | Reaksjes út op Poste restante XLIV

Anne Sexton, Foarsjen yn in bestean

 
Foarsjen yn in bestean

Jona foarseach yn syn bestean
binnenyn de búk.
Mines komt fan krekt itselde plak.
Jona iepene de doar fan syn kajút
en sei ‘Hjir bin ik!’, wat de walfisk oanstie,
dat hy woe him wol ynnimme.

By de bek âle Jona it út.
By de mage wie er lytsman.
Hy bonke net op de muorren.
Tomkesobje die er likemin.
Hy heve de holle oandachtich op
as in fertochte by syn eigen proses.

Jona helle de beurs fan syn heit tefoarskyn
en besocht it jild te tellen
mar alles wie weispield.
Jona helle de foto fan syn mem tefoarskyn
en besocht de eagen te tútsjen
mar alles wie weispield.
Jona ûntdie him fan syn jas en syn broek,
syn strik, horloazjeketting, mansjetknopen
en joech se oer.
Hy siet der by as in âldmoadrige baaigast
yn himd en ûnderbroek.

Dit is myn dea,
sei Jona lûdop,
en it begripe komt my te’n goede.
Elke bysûnderheid printsje ik my yn.
Lytse fiskjes swommen lâns syn noas,
hy printe him dat yn en rekke harren slym oan.
Der kaam plankton, hy hold it yn ’e hânpalm
as God syn lytste gloeilampen.
Syn hiele ferline wie dêrsa by him
en hy iet it.

Op dat stuit koarre de walfisk
him wer út yn de see.
De skokkend blauwe loft.
De skokkend wite boaten.
De sinne as in krakelearre eachbol.
Doe fertelde er de nijsmedia
de nuvere bysûnderheden fan syn dea
en se kloppen him op yn de kommersje
en ferkochten, ferkochten, ferkochten him.
Myn dea krekt sa.

 

Making a Living

Jonah made his living
inside the belly.
Mine comes from the exact same place.
Jonah opened the door of his stateroom
and said, “Here I am!” and the whale liked this
and thought to take him in.

At the mouth Jonah cried out.
At the stomach he was humbled.
He did not beat on the walls.
Nor did he suck his thumb.
He cocked his head attentively
like a defendant at his own trial.

Jonah took out the wallet of his father
and tried to count the money
and it was all washed away.
Jonah took out the picture of his mother
and tried to kiss the eyes
and it was all washed away.
Jonah took off his coat and his trousers,
his tie, his watch fob, his cuff links
and gave them up.
He sat like an old-fashioned bather
in his undershirt and drawers.

This is my death,
Jonah said out loud,
and it will profit me to understand it.
I will make a mental note of each detail.
Little fish swam by his nose
and he noted them and touched their slime.
Plankton came and he held them in his palm
like God’s littlest light bulbs.
His whole past was there with him
and he ate that.

At this point the whale
vomited him back out into the sea.
The shocking blue sky.
The shocking white boats.
The sun like a crazed eyeball.
Then he told the news media
the strange details of his death
and they hammered him up in the marketplace
and sold him and sold him and sold him.
My death the same.

 

Ut The Death Notebooks, 1974. YouTube: Anne Sexton Reads Her Poetry: ‘Making a Living’.

De bondel The Death Notebooks krige as motto in sitaat mei út de postúm ferskynde memoires A Moveable Feast (1964) fan Ernest Hemingway: ‘Look, you con man, make a living out of your death.’

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged | Reaksjes út op Anne Sexton, Foarsjen yn in bestean

Anne Sexton, Jezus rint

 
Jezus rint

Doe’t Jezus de wyldernis ynrûn
droech er in man op ’e rêch,
it hie teminsten de foarm fan in man,
in fiskerman faaks mei in snotnoas,
in bakker faaks mei moal yn ’e eagen.
De man wie sa te sjen dea
en wie dochs ûnombringber.
Jezus droech in protte manlju
dochs wie der mar ien man –
as it wier in man wie.
Alle blêden dêr yn de wyldernis
stutsen de hannen út
mar Jezus gong fierder.
De bijen lokken him nei harren huning
mar Jezus gong fierder.
It swyn snijde syn hert út en bea it oan
mar Jezus gong fierder
mei syn swiere lêst.
De duvel kaam en joech him in snútslach
en Jezus rûn troch.
De duvel liet de ierde bewege as in lift
en Jezus rûn troch.
De duvel boude in stêd fol huorren,
allegearre yn lytse ingelebêden,
en Jezus rûn troch mei syn lêst.
Fjirtich dagen en fjirtich nachten lang
sette Jezus de iene foet foar de oare
en de man dy’t er droech,
as it al in man wie,
waard swierder en swierder.
Hy droech alle beammen fan de wrâld
en sy binne ien beam.
Hy droech fjirtich moannen
en sy binne ien moanne.
Hy droech alle learzens
fan alle manlju yn de wrâld
en sy binne ien lears.
Hy droech ús bloed.
Ien bloed.

Bidde, wist Jezus,
is in man wêze dy’t in man draacht.

 

Jesus Walking

When Jesus walked into the wilderness
he carried a man on his back,
at least it had the form of a man,
a fisherman perhaps with a wet nose,
a baker perhaps with flour in his eyes.
The man was dead it seems
and yet he was unkillable.
Jesus carried many men
yet there was only one man –
if indeed it was a man.
There in the wilderness all the leaves
reached out their hands
but Jesus went on by.
The bees beckoned him to their honey
but Jesus went on by.
The boar cut out its heart and offered it
but Jesus went on by
with his heavy burden.
The devil approached and slapped him on the jaw
and Jesus walked on.
The devil made the earth move like an elevator
and Jesus walked on.
The devil built a city of whores,
each in little angel beds,
and Jesus walked on with his burden.
For forty days, for forty nights
Jesus put one foot in front of the other
and the man he carried,
if it was a man,
became heavier and heavier.
He was carrying all the trees of the world
which are one tree.
He was carrying forty moons
which are one moon.
He was carrying all the boots
of all the men in the world
which are one boot.
He was carrying our blood.
One blood.

To pray, Jesus knew,
is to be a man carrying a man.

 

Ut The Death Notebooks, 1974. YouTube: Anne Sexton Reads Her Poetry: ‘Jesus Walking’.

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged | Reaksjes út op Anne Sexton, Jezus rint

Trakl yn it Frysk

Wa, Trakl? Ja, Trakl. De rom yn de Lege Lannen fan de Dútsktalige dichter Georg Trakl stiet fier achter by dy fan bygelyks Heine en Rilke. Harren wurk is sûnt jier en dei beskikber yn tal fan oersettings, sawol Hollânske as Fryske. Mar Trakl makket pas de lêste desennia opgong, alteast yn Hollânsktalige literêre rûnten. In bondel mei Fryske oersettings is no op kommendeweis. Dochs hat Trakl ek earder spoaren yn de Fryske literatuer achterlitten. In ynventarisaasje.

Op pylgerreis

Yn septimber 2018 wie ik op beafeart yn Salzburg. In leaflike oarde, nettsjinsteande de grutte kloften toeristen dy’t troch de strjitsjes yn it stedshert krioelen en harren noch krekt net as lemmingen yn de rivier de Salzach stoarten. Al dy toeristen, op ien nei, kamen foar Mozart, dy’t yn Salzburg twa tige drok besochte museums hat en jin oeral tagniist, stets lustig heisa hopsasa, oant op de Mozartkugel by de kofje ta. Ik, ienlike pylger, kaam lykwols foar de tragyske dichter Georg Trakl (1887–1914), dy’t krekt as Mozart yn Salzburg hikke en tein wie, mar dan goed in iuw letter. Mear in kokaïnesnuver as in kofjedrinker, en ien fan de klup fan sânentweintich.

In fers fan Trakl oan de gevel fan Zum weißen Engel,
de Salzburger apteek dêr’t er yn tsjinst west hat

Oan Trakl is in Forschungs- und Gedenkstätte wijd yn syn bertehûs. In oäze fan rêst. Doe’t ik it oandie, wienen der bûten my inkeld in resepsjo­niste, dy’t my bliid ferrast in kaartsje ferkocht, en de direkteur, dy’t sa freonlik wie my rûn te lieden. Dr. Hans Weichselbaum, Trakl-kenner by útstek, publisearre en redigearre ferskate stúdzjes oer syn oeuvre, skreau syn biografy1 en makke in nije edysje fan it samle wurk.2 Dat ik fielde my fereare en moast even weromtinke oan de earste kears dat ik it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum yn de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert besocht. FLMD-direkteur Freark Dam hie doe de goedens my, snotnoas fan fyftjin, in vip-behanneling te jaan troch heechst­persoanlik my troch syn museum te gidsen. Dêr learde ik dat it Frysk net inkeld de taal fan thús wie, mar ek in literatuer- en kultuertaal.

Yn syn bertehûs oan de Salzburger Waagplatz is it koarte, tryste libben fan Georg Trakl kreas yn fitrines útstald en oan muorren ophongen. Beynfloede troch dichters as Baudelaire en Rimbaud rekke Trakl yn syn skoaljierren oan it dichtsjen en oan de ferdôvjende middels. Yn it boargerlike Salzburg manifestearre er him as in poète maudit. In ynsestueuze ferhâlding mei syn suster Grete dreau him fierder yn in psychysk isolemint. Sûnder syn skoalle ôfmakke te hawwen begûn er oan in oplieding ta apteker, wêrtroch’t er maklik tagong hold ta opiaten. Doe’t de Earste Wrâldoarloch útbruts, melde er him by it Eastenryksk-Hongaarske leger. As farmaseut die er tsjinst yn de lazaretten. Doe’t er by it front hielendal allinne de soarch krige foar njoggentich swierferwûne soldaten, draaide er troch en waard er opnommen yn in militêr psychiatrysk hospitaal yn Krakau. Dêr ferstoar Trakl, al of net opsetlik, oan in oerdoasis kokaïne.

Op dat stuit wie fan him mar ien bondel, Gedichte (1913), yn it ljocht jûn. Koart nei syn ferstjerren ferskynde in twadde, Sebastian im Traum (1915). Syn hiele dichterlike oeuvre telt sa’n twahûndert fersen, foar in part tige foarmfêst en foar in part tige frij. Se skeppe in eigen tsjustere skimerwrâld, dy’t swier is fan doem, ferfal en ûndergong. De ienlike doarmer yn dy wrâld tôget mistreastigens, eangst en skuldbesef mei, en fynt mar inkeldris rêst yn de beskutting fan in herberch of gastfrij hûs. Trakl kiest dêrby foar werhelling yn stee fan stilistysk ferskaat; hieltyd keare deselde begripen en bylden werom. Dat repetitive hat in betsjoenend en faaks sels beswarrend effekt, mar makket tagelyk de ûnheils­swangere werklikheid dy’t oproppen wurdt ûnûntkomber.

Hendrik Marsman, Theun de Vries

Fan Trakl hie ik as studint wolris wat lêzen doe’t ik in rige kolleezjes oer de dichter Hendrik Marsman folge. Dy wie yn syn iere wurk beynfloede troch Trakl en skreau yn 1923 in begeastere essee oer him yn De Gids.3 Ik lies Trakl doe, om 1980 hinne, yn it Dútsk. Hollânsktalige oersettings wienen der inkeld fan wat losse gedichten, ferspraat yn periodiken. Bondels mei in substansjeler tal oersettings ferskynden pas fan 1981 ôf, fan de hân fan Huub Beurskens,4 Jattie Enklaar-Lagendijk,5 Frans Roumen,6 C.O. Jellema,7 Stefaan van den Bremt8 en de germanist Jan Ulbe Terpstra (1912–2004).9 De oersettings fan de lêste binne nei myn betinken it bêste slagge. De widzen fan syn heit en mem hienen nammers yn Fryslân stien.

Oersettings fan Theun de Vries yn De Holder, 1929


Mar net minder nijsgjirrich binne de oersettings, mei-inoar acht, dy’t foar 2020 yn it Frysk ferskynd binne. De earste Trakl-oersetter yn it Frysk wie der betiid by: yn 1929 publisearre Theun de Vries (1907–2005) yn de fjirde en lêste jiergong fan it tydskrift De Holder oersettings fan de twa lêste gedichten fan Trakl, ‘Klage’ en ‘Grodek’.10 Dy beide fersen, dêr’t de ferskrikkings fan it slachfjild lûd yn trochklinke, kinne lêzen wurde as in oanklacht tsjin de oarloch. Dat jildt ek foar de beide gedichten fan Georg Heym dêr’t De Vries tagelyk oersettings fan publisearre. Freark Dam neamde dy Trakl- en Heym-oersettings yn dy lêste jiergong fan De Holder ris ‘in pikante útsmiter’.11 De Vries wie oars net allinne de earste Trakl-oersetter yn it Frysk, mar wie ek earder as hast alle Hollânsktalige Trakl-oersetters. By myn witten hie inkeld de Flaming Armand Willem Grauls him foar west.12

Sûnder mis wie it ûnder ynfloed fan Hendrik Marsman dat De Vries him weage oan it oersetten fan Trakl en Heym. Dy beide dichters hearden ta Marsman syn favoriten. De Vries ûnderhold sûnt 1928, it jier wêryn’t er him yn Hilversum nei wenjen sette, in yntinse, bewûnderjende freonskip mei de acht jier âldere Marsman, dy’t him yn syn literêre ambysjes kritysk stimulearre: ‘ik leefde vanaf onze eerste ontmoeting onder zijn charme, bijna zoals men dat kan hebben met een vrouw op wie men verliefd is en wier gebreken men niet ziet.’13 Doe’t er in jier letter út need in baantsje by de iepenbiere lêsseal fan Snits oannommen hie en dêr mei de siele ûnder de earm omheukere, socht De Vries oanhâld yn Frysk-literêre rûnten en hie er benammen kontakt mei de mannen fan De Holder. Der waard hope dat er him ûntjaan soe as Frysktalich skriuwer en Jelle Hindriks Brouwer, redakteur fan De Holder, frege him om bydragen foar syn tydskrift. De Vries sei dy ta, mar minder út belutsenens by de Fryske literatuer as om Brouwer in plezier te dwaan, sa’t er yn 2000 fertelde oan ien fan syn biografen.14

Sa kaam it dat De Vries Fryske oersettings yn De Holder publisearre. Fanselssprekkend wie dat net. De Vries stie hiel ambifalint foar Fryslân en it Fryske kulturele libben oer. Omdoch socht er yn it Frysk-literêre fermidden om de aktuelens en fernijing dy’t er it jier derfoar wol fûn hie by de kulturele elite yn it Gooi en Amsterdam. Weromsjend op syn Snitser tiid skreau er yn 1960:

De jonge Friese literatuur koesterde zich bij oude vuurtjes, was voor driekwart liefhebberij, zich voedende uit een statische boerencultuur, die geen enkel verfrissend maatschappelijk element in zich opnam en ook niet opnemen kon, omdat de ontwikkeling van het gewest opzettelijk verhinderd werd (en nog steeds, ja, meer dan ooit verhinderd wordt) –: het gevolg was een literaire inteelt zonder perspectieven, waaraan men thans met wanhopige middelen probeert te ontsnappen, bij voorbeeld door Joyce en Sartre in het Fries te vertalen… Arm heitelân – alsof het daarop wachtte!15

Leafde foar en ôfkear fan it Heitelân lizze wol by mear Friezen-om-utens deun by elkoar. Sa net, yn de útsetter wint retoarysk effektbejach it fan feitlikens; my binne gjin Fryske oersettings fan Joyce of Sartre út 1960 of earder bekend. En fansels hie De Vries hiel goed weet fan de funksje en yntrinsike wearde dy’t oersettings, yn hokfoar taal ek, hawwe kinne.

Tamminga, Spanninga, Yedema

Oersetting fan D.A. Tamminga yn De Tsjerne, 1951

Pas yn 1951 ferskynde der opnij wurk fan Trakl yn it Frysk, diskear oerset troch Douwe Tamminga (1909–2002), dy’t yn De Tsjerne oersettings fan ‘Verklärter Herbst’ en ‘Abendländisches Lied’ publisearre.16 Tsjerne-redakteur Tamminga liket se makke te hawwen as in taheakke by in artikel oer Trakl fan Johann Lentner,17 dat in ôflevering earder al oankundige wie: ‘Nei alle gedachten yn it Maert-nûmer pleatse wy in artikel fan ús Eastenrykske meiwurker Dr. Johann Lentner oer Georg Trakl.’18 Tamminga naam de beide oersettings yn 1965 op yn syn bondel Floedmerk,19 dêr’t nêst oarspronklike gedichten ek ferfryskings fan fersen fan ferskate dichters yn gearbrocht binne. Yn syn besprek fan dy bondel skreau Marten Sikkema: ‘De oersettingen biwize as men se njonken de originele[n] leit, ek aloan wer de feardichheit fan de dichter.’20

Oersettings fan Sjoerd Spanninga yn It Heitelân, 1953

Yn 1953 publisearre Sjoerd Spanninga, dichtersnamme fan Jan Dykstra (1906–1985), yn It Heitelân oersettings fan ‘Abendmuse’ en ‘Der Herbst des Einsamen’,21 en in jier letter befette de krystbylage fan de Leeuwarder Courant in oersetting fan syn hân fan ‘Die Bauern’.22 De earste beide oersettings soe Spanninga yn 1968 opnimme yn syn bondel oersettings De lytse karavaen,23 wylst de tredde yn datselde jier werprinte waard yn De Tsjerne.24 Wêrom’t syn oersetting fan ‘Die Bauern’ yn De lytse karavaen ûntbrekt, is net dúdlik. Mûlk skeat it Spanninga gewoan te let yn it sin dat dy oersetting der ek noch wie en hat er him doe mar nei De Tsjerne stjoerd. Marten Sikkema, deselde dy’t sa loovjend wie oer it fertaalwurk fan Tamminga, hie eins gjin goed wurd oer foar Spanninga sines. Yn syn besprek fan De lytse karavaen ornearre er

dat Sjoerd Spanninga, as origineel dichter immen dy’t gâns yn de marse hat, him better net oan it meitsjen fan oersettingen weagje kinnen hie. Wis, guon fersen binne, as men se sa by him lêst, wol akseptabel, mar sadré’t men de grountekst derby hellet, wurdt men kjel.25

Opmerklik is de opname fan twa Trakl-oersettings fan Spanninga en Tamminga yn de edysje 1972 fan Fersefariaesje, de tekstboekjes dêr’t learlingen fan it fuortset ûnderwiis út kieze koenen foar de foardrachtswedstriid dy’t elk jier yn de provinsje hâlden waard en noch altyd wurdt.26 Yn begjinsel is dy wedstriid bedoeld om dy learlingen te wizen op Fryske literatuer, mar in romtinkende geast fûn blykber dat literatuer de provinsje-, lâns- en taalgrinzen oerstiicht en bekroade him net om de twiveleftige gaadlikens fan Trakl as pedagogysk rolmodel foar pubers.

Oersetting fan Piter Yedema yn Hjir, 1980

Nei Spanninga duorre it oan 1980 ta ear’t der wer wat fan Trakl yn it Frysk ferskynde. Piter Yedema (1941–2018) publisearre in oersetting fan ‘Ein Winter­abend’ yn it tydskrift Hjir,27 en naam dy ek op yn syn sân jier letter ferskynde bondel Boarring.28 Yedema brûkte oars net de term ‘oersetting’; hy brocht syn ferzje fan ‘Ein Winterabend’ ûnder yn in skift mei de titel ‘Neidichtingen’. Yn in besprek fan Boarring neamde Cornelis van der Wal dy ferzje ‘net hielendal kouster’.29 Hy stroffele benammen oer it weifallen fan it wurd ‘Gnaden’ yn de rigel ‘Golden blüht der Baum der Gnaden’. Yedema hie ‘Goudbloei is de beam mei laden’ en dat wie neffens Van der Wal

op himsels arich fûn, mar as jo wat fan Trakl syn libben ôfwitte, dan is it dúdlik dat it iennige dêr’t de man yn syn ôfbroazeljend bestean noch op hoopje koe no krekt ‘Gnaden’ wie. Koartsein: as ien him weaget oan it bewurkjen fan in oar syn teksten,
moat er de biografyske feiten gjin
ûnderstek dwaan.

Wybenga, Feddema, Van der Wal

Jan Wybenga, ‘Trakl’, Barakkekamp, 1962

Net inkeld fia oersettings luts Trakl syn wurk as in lyts sigentsje troch de Fryske lettertún. Ek yn de bondel Barakkekamp (1962) fan Jan Wybenga, dêr’t him de Gysbert Japicxpriis foar takend waard, resonearret it, yn in fers fan trije kwatrinen mei de titel ‘Trakl’.30 It fers befettet karakteristike Trakl-bylden (snie op in dak, in beevjend blêd, stilte dy’t by in muorre opklimt) en yn de lêste rigels, ‘wylst it ljocht bigjint to gloeijen / fan des geistes heisze flamme’, wurdt út de foarlêste rigel fan Trakl syn ferneamde fers ‘Grodek’ sitearre: ‘Die heiße Flamme des Geistes nährt heute ein gewaltiger Schmerz, / Die ungebornen Enkel.’ It fers waard opnommen yn blomlêzings31 en krige, omstavere, yn 1992 ek in plak yn in Jan Wybenga-nûmer fan Hjir, mei in yllustraasje derby troch Anne Feddema.32 (Yn Feddema syn eigen referinsjerike dichtwurk is Trakl nammers, oars as dy oare Salzburger,33 ôfwêzich.)

Mar it meast waret de geast fan Trakl rûn yn it oeuvre fan de al neamde Cornelis van der Wal. ‘Ik ha wolris tocht da’ k in reynkarnaasje fan Georg Trakl wie’, skreau Van der Wal yn 1988.34 En tsien jier letter, frege nei minsken dy’t er ‘ûnoantaastber’ bewûndere, neamde hy ûnder de lju mei wa’t er ‘in ferbining’ hie dizze seis skriuwers: Trakl, Hölderlin, Rimbaud, Baudelaire, Tolkien en Kuhlmann.35 Yn de acht bondels dy’t Van der Wal oant no ta publisearre hat, wurdt Trakl – oars as nûmer twa, Hölderlin – nearne eksplisyt neamd of parafrasearre, mar de rook fan ferfal en ûntbining dy’t faken om Van der Wal syn wurk hinget, is deselde as dy’t út it wurk fan Trakl opkringelet.

Suver argetypysk yn de oeuvres fan beide dichters is it motyf fan de swalker. Ek oare Trakl-motiven lykas de bosk, it park, de fiver, it wjerljocht, de bergen, de muonts en de pryster – wêrfan’t de lêste trije net hiel húsriem binne yn de Fryske poëzy – keare by Van der Wal werom. Rigels as ‘Bûten keakele de bosk en ik rûn ferklaaid as muonts / ûnder in slûge moanne oer it strúnderspaad’36 of sinnen as ‘Do libbest mei geasten yn ’e bosk’ en ‘Fluenske geasten flústerje fersen yn dyn earen’37 hienen út de pinne fan Trakl floeid wêze kind. En klinkt yn ‘in freonlik hûs dat my fuorje koe’38 en ‘de drompel stroffelet oer triennen fan juster’39 net ‘Ein Winterabend’ nei, mei de rigels ‘Vielen ist der Tisch bereitet / Und das Haus ist wohl bestellt’ en ‘Schmerz versteinerte die Schwelle’?

Uteraard binne der ek grutte ferskillen; Van der Wal is allesbehalven in epigoan. Ik neam hjir inkeld de irony en selsspot dy’t hy rynsk rûnstruit, wylst Trakl ûnferoarlik in bloedigen earnst útspriedt. Identifikaasje en relativearring geane by Van der Wal lykop. Sa koe it dan barre dat Duo von Däniken, de kombo fan Anne Feddema en Cornelis van der Wal, yn 2010 ûnder de oan Trakl ûntliende titel ‘Kaspar Hauser Liet’ in muzikaal earbetoan makke dat net al te plechtich is.40

Op kommendeweis

Piter Yedema hie yn 1980 mei syn ferzje fan ‘Ein Winterabend’ it tal Trakl-ferfryskings op acht brocht. Sûnt 2020 kamen en komme der wer nijen by, op dit weblog Konsenylje. Meikoarten binne der sa’n fyftich ree en ferskine se yn boekfoarm.

Noaten

  1. Hans Weichselbaum, Georg Trakl. Eine Biographie mit Bildern, Texten und Dokumenten, Salzburg 1994; opnij útjûn as Georg Trakl. Eine Biographie, Salzburg/Wien 2014.
  2. Georg Trakl, Dichtungen und Briefe, ed. Hans Weichselbaum, Salzburg/Wien 2020.
  3. H. Marsman, ‘Over den dichter Georg Trakl’, De Gids 87 (1923), s. 506–512. Bondele yn H. Marsman, De anatomische les, Bussum 1926, s. 25–38.
  4. Georg Trakl, Het zwijgen in de steen. Gedichten, oers. Huub Beurskens, Amsterdam 1981.
  5. Georg Trakl, Gedichten. Keuze uit zijn poëzie, oers. Frans Roumen, kommintaren Rob van Erkelens, Baarn 1990.
  6. Georg Trakl, Met ronde ogen…, oers. Jattie Enklaar-Lagendijk, Baarn 1992.
  7. Georg Trakl, Zes gedichten, oers. C.O. Jellema, Den Haag 2013.
  8. Georg Trakl, In zusters tuin. Een keuze uit de gedichten, oers. Stefaan van den Bremt, [Baarn] 2019.
  9. Georg Trakl, Het laatste goud van vervallen sterren, oers. Jan U. Terpstra, ynl. C.O. Jellema, Maarssen 1998. Utwreide werprinting: Georg Trakl, Gedichten, Nijmegen 2020.
  10. Georg Trakl, ‘Klachte’, ‘Grodek’, oers. Theun de Vries, De Holder 4, nû. 8 (augustus 1929), s. 122–123.
  11. F. Dam, ‘Tuskentiidske balâns. (De fryske skriuwerij yn de jierren ’20)’, Philologia Frisica anno 1975. Lêzingen en neipetearen fan it 7de Fryske Filologekongres, Ljouwert 1977, s. 49–71: 54.
  12. ‘Drie gedichten van Georg Trakl’, oers. A.W. Grauls, Vlaamsche Arbeid 13 (1923), s. 357–358.
  13. Theun de Vries, ‘Meesters en vrienden. Gevonden vaderland’, De Gids 123 (1960), dl. 1, s. 320–337: 321. Bondele yn Theun de Vries, Meesters en vrienden. Literaire leerjaren, Amsterdam 1962, werprinte as Meesters en vrienden. Literaire herinneringen, ’s-Gravenhage 1981.
  14. Jan van Galen, Theun de Vries. Een schrijversleven 1907–1945, Soesterberg 2011, s. 112.
  15. Theun de Vries, ‘Meesters en vrienden. Verloren vaderland’, De Gids 123 (1960), dl. 2, s. 37–50: 39.
  16. ‘Twa oersettingen nei Georg Trakl’: ‘Ljochte hjerst’, ‘Liet fan it jountiidslân’, oers. D.A. Tamminga, De Tsjerne 6, nû. 3 (maart 1951), s. 71–72.
  17. Johann Lentner, ‘Georg Trakl’, De Tsjerne 6, nû. 3 (maart 1951), s. 65–71.
  18. ‘Meidielingen’, De Tsjerne 6, nû. 2 (febrewaarje 1951), binnenkant foarplat. Fan Lentner hie twa jier earder al ris in artikel oer Franz Kafka yn De Tsjerne stien.
  19. D.A. Tamminga, Floedmerk. Fersen, Drachten 1965, s. 86–87. Ek yn D.A. Tamminga, Samle fersen, ed. Tineke Steenmeijer-Wielenga en Jelle Krol, Ljouwert 2011, s. 249–250.
  20. Marten Sikkema, ‘Neiswyljen fan in fearnsieu. “Floedmerk”: fersen fan D.A. Tamminga’, Leeuwarder Courant, 16-04-1966.
  21. Georg Trakl, ‘Jounmuze’, ‘De hjerst fan de iensume’, oers. Sjoerd Spanninga, It Heitelân, 1953, nû. 12 (desimber 1953), s. 199.
  22. Georg Trakl, ‘De boeren’, oers. Sjoerd Spanninga, Leeuwarder Courant, 24-12-1954.
  23. Sjoerd Spanninga, De lytse karavaen. Fortalingen, Boalsert 1968, s. 42–43.
  24. Georg Trakl, ‘De boeren’, oers. Sjoerd Spanninga, De Tsjerne 23, nû. 5 (maaie 1968), s. 218–219.
  25. Marten Sikkema, ‘Sjoerd Spanninga as oersetter’, Leeuwarder Courant, 19-10-1968.
  26. Georg Trakl, ‘Liet fan it jountiidslân’, oers. D.A. Tamminga, ‘De boeren’, oers. Sjoerd Spanninga, Fersefariaesje. Teksten foar it Ferstival 1972, [Ljouwert 1972], s. 54–55.
  27. Georg Trakl, ‘In winterjûn’, oers. Piter Yedema, Hjir 9, nû. 4 (juny 1980), s. 28.
  28. Piter Yedema, Boarring, Mantgum 1987, s. 13. Ek yn De Harpe fan Bernlef 33, nû. 5 (jannewaarje 1988), s. 11.
  29. Cornelis van der Wal, ‘Pine om ferline’, Trotwaer 20 (1988), nû. 4, s. 204–206: 204.
  30. Jan Wybenga, Barakkekamp, Ljouwert 1962, s. 12; Jan Wybenga, Samle wurk, I: Samle fersen, [Ljouwert] 2012, s. 448. In Hollânske oersetting troch Tiny Mulder yn Friesland, septimber/oktober 1965, s. 5.
  31. Hûndert fersen. In blomlêzing út ’e Fryske poëzy, gearst. Ph.H. Beuker e.o., ynl. J. Krol, Ljouwert 1990, s. 93. In Ingelske oersetting yn The sound that remains. A historical collection of Frisian poetry, oers. Rod Jellema, Grand Rapids 1990, s. 121.
  32. Jan Wybenga, ‘Trakl’, Hjir 21, nû. 4/5 (novimber 1992), s. 67; Anne Feddema, ‘Trakl’, s. 66.
  33. Anne Feddema, Slapstickiepenbierings, Boalsert 1997, s. 13: ‘Mozart’s ruftsonate’; Reidhintsje op ’e Styx, Boalsert 2005, s. 56–60: ‘Mozart op wei nei Praach’.
  34. ‘Pine om ferline’, s. 204.
  35. Cornelis van der Wal, ‘Unoantaastber bewûnderje? (12)’, Trotwaer 30, nû. 4 (augustus 1998), s. 210.
  36. Cornelis van der Wal, Wolf yn harnas. Gedichten, Wiuwert 2016, s. 29.
  37. Cornelis van der Wal, De toer, Loenen aan de Vecht 2024, s. 17.
  38. Cornelis van der Wal, Hûn oan ’e himel, Ljouwert/Utert 2007, s. 39.
  39. Wolf yn harnas, s. 22.
  40. Duo von Däniken, ‘Kaspar Hauser Liet’, 2010, te finen op YouTube.

Pleatst yn Artikels | Tagged , , , , , , , , , | Reaksjes út op Trakl yn it Frysk

Georg Trakl, Trystens

 
Trystens

Der waret wrâldûnk troch de lette dei.
Barakken drosse út hofkes brún en leech.
Lâns dongturf djoeit in flakkerjen omheech,
Twa sliepers swanke op hûs oan, griis en faai.

Oer de fertoarre miede rint in bern
En boartet mei syn eagen swart en glêd.
It goud dript fan de strúkjes tryst en mêd.
In drôve âldman giet yn de wyn ferlern.

Jûns wurdt boppe myn holle in aaklik lot
Wer oanstjoerd troch Saturnus, wurdleas, stom.
In hûn lûkt him yn beammeskaad werom,
Swart en ûntblêde swankt it swurk fan God.

In fiskje dat streamôf troch ’t beekje snjit;
In deade freon syn hân dy’t leavjend, sacht,
De foarholle en klean glêdstrykt. In ljocht
Dat yn de keamers skaden wekker stjit.

 

Trübsinn

Weltunglück geistert durch den Nachmittag.
Baraken fliehn durch Gärtchen braun und wüst.
Lichtschnuppen gaukeln um verbrannten Mist,
Zwei Schläfer schwanken heimwärts, grau und vag.

Auf der verdorrten Wiese läuft ein Kind
Und spielt mit seinen Augen schwarz und glatt.
Das Gold tropft von den Büschen trüb und matt.
Ein alter Mann dreht traurig sich im Wind.

Am Abend wieder über meinem Haupt
Saturn lenkt stumm ein elendes Geschick.
Ein Baum, ein Hund tritt hinter sich zurück
Und schwarz schwankt Gottes Himmel und entlaubt.

Ein Fischlein gleitet schnell hinab den Bach;
Und leise rührt des toten Freundes Hand
Und glättet liebend Stirne und Gewand.
Ein Licht ruft Schatten in den Zimmern wach.

 

Ut Gedichte, 1913

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Trystens

It poesyalbum fan Rinske Neeltsje Lootsma

Twa dingen falle by dit poesyalbum daalk op: it langwerpige formaat en it romantyske plaatsje op it bantsje. Beide gripe op âldere tradysjes werom. De eigner fan it album wie lykwols har tiid foarút: sy bruts letter as wurkjende frou mei in wichtige baan by ‘de Kondens’ yn Ljouwert troch it glêzen plafond.

Poesyalbums hawwe ornaris in steand formaat, mar foar de foargonger fan it sjenre, it album amicorum, wie in lizzend formaat iuwenlang de standert. Dat gou bygelyks foar twa albumkes dy’t hjir earder foarbykamen, dat fan Jeltsje Ypey en dat fan Helena Bellinga Swalve. Dit poesyalbum slút dêr kwa foarm op oan: it is oblong, oftewol landscape, sa’t dat tsjintwurdich hyt.

Retro is ek it plaatsje op de foarkant fan it bantsje. In leafdespearke yn klaaiïng út de tiid fan lit ús sizze Heinrich Heine besjocht mei grutte oandacht in fûgelkouwe. Sa’n kouwe op foarstellings út earder iuwen sinspilet sawat altyd op in leafdebân en houlikstrou. In tichte kouwe mei in fûgeltsje deryn tsjut op suksesfolle frijerij en (ûnt)fongen leafde. In iepensteande kouwe dêr’t it fûgeltsje út fuortflein is, suggerearret dat it famke har jongfammesteat al kwytrekke is. Op dit plaatsje is dúdlik te sjen dat der noch in fûgeltsje achter de traljes fan de tichte kouwe sit. Blomkes omliste de foarstelling, dy’t grif kopiearre is nei in skilderij fan ien of oare Dútske Biedermeier-skilder.

Dit poesyalbum, mei syn op âldere tradysjes weromgeande uterlik, stamt út likernôch 1915. It wie yn besit fan Rinske Neeltje Lootsma, berne yn Ljouwert op 2 desimber 1912 as iennichst bern fan de boekhâlder Marten Lootsma en syn frou Jantje Graeler. It albumke befettet tolve bydragen, dêr’t sân fan datearre binne, tusken 1918 en 1928. Wierskynlik binne alle bydragen yn gronologyske folchoarder ynskreaun. In dei neidat sy de lêst datearre bydrage binnenhelle hie, op 31 maart 1928, sleat Rinske it albumke ôf mei in eigendoms­ynskripsje op rym op it skutblêd achteryn.

De doe fyftjinjierrige Rinske siet op de gemeentlike Hogere Burger­school oan Achter de Hoven 23. It gebou biedt hjoeddeis ûnderdak oan de Academie voor Popcultuur. Rinske wenne mei har âlden yn deselde strjitte, op nûmer 81. Yn 1930 slagge se foar it eineksamen. Trije jier letter helle sy ek noch in diploma Spaanske hannels­korrespondinsje. Rinske hie doe al in baan as siktaresse by de Coöperatieve Condensfabriek Friesland yn Ljouwert, better bekend as de CCF of gewoanwei de Kondens. Sy soe dêr mear as fjirtich jier yn tsjinst bliuwe en klom op ta ferkeaplieder bûtenlân en prokuraasje­hâlder. By gelegenheid fan har fjirtichjierrich jubileum, yn 1971, waard sy beneamd ta ridder yn de Orde van Oranje-Nassau.

As eksportmanager rjochte Rinske har op Noard- en West-Afrika, de Kanaryske Eilannen en Malta. Sy wie faak op reis, benammen nei Afrika, dêr’t se Miss Peak of Miss Moutchou neamd waard, nei twa CCF-merken.1 In frou yn har funksje wie ûngewoan en it wurk waard har net maklik makke. Sels sei se dêroer: ‘Als vrouw in een mannenmaatschappij moest je veel meer doen om dezelfde erkenning te krijgen. Wanneer er ook maar iets fout ging, werd er meteen gezegd: “Dat is nu echt weer vrouwenwerk.” Ja, je moest je wel heel erg waarmaken.’2 Likegoed wurke Rinske mei hert en siel foar de Kondens. By har ôfskied neamde direkteur Andries Bouwes har ‘het geweten van het bedrijf’.3

Rinske Neeltsje Lootsma, Algemeen Dagblad, 30-11-1972

Rinske Neeltsje Lootsma ferstoar, 79 jier âld, op 12 desimber 1991. De rou­adver­tin­sje yn de Leeuwarder Courant, pleatst troch notaris Hylke Wierda yn syn hoe­danich­heid fan eksekuteur-testamintêr, begjint mei in rymke yn ik-foarm:

Ik ben dankbaar en tevreden
Ik had een mooi en interessant leven
daarbij viel veel trouw en vriendschap mij ten deel
deze beide gaven betekenden voor mij heel veel

Faaks wie it in oanhaal út it berime tankwurd dat Rinske by har ôfskie fan de Kondens útsprutsen hie.

Rinske hie nea troud west en hie gjin bern en bernsbern; de priis dy’t wurkjende froulju oant fier yn de tweintichste iuw betelje moasten as se karriêre meitsje woenen. As iennichst bern hie se ek gjin oare neiste famylje. Lâns ûnneifolchbere wegen bedarre har poesyalbum yn in Amsterdamsk rommelwinkeltsje, as in swerfkat yn in asyl. Nim my mei, like it te freegjen, bang dat it oars yn de rêchsek fan in toerist nei in fier bûtenlân ferdwine soe – al hie de âld-eksportmanager fan de Kondens sels dat miskien minder beswierlik fûn.

De bydragen oan it poesyalbum fan Rinske Lootsma binne fan:


1. Dina Graeler, Ljouwert, 02-12-1918. In tante fan Rinske. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Een zeehond, lag er laatst aan ’t strand’.

Berne Mildaam 16-07-1895, ferstoarn Wolvegea 13-07-1985, dochter fan Willem Gerard Graeler (1856–1929, nû. 9) en Rinske van der Leij (1865–1932, nû. 8), troud Weststellingwerf 19-07-1924 mei Andries Bosma (1898–1981).


2. Jacoba Margrieta (Coba) Wesling, Ljouwert, 18-06-1921. In oantroude tante fan Rinske. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Als ik een dichtersgeest bezat’.4

Berne Rotterdam 26-03-1892, ferstoarn Rotterdam 29-09-1953, dochter fan Albertus Lodewijk Wesling (1851–1914) en Jacoba Margrieta van den Berg (1864–1945), troud Rotterdam 25-10-1916 mei Gerard Graeler (1890–1968).

3. Tjitske Dirkje Frank, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 5×4 rigels, earste rigel ‘Er leeft op aard’ een lieve fee’.5 Oerdwers skreaun.

Berne Holwert 11-02-1904, ferstoarn Ljouwert 30-08-1970, dochter fan Gerrit Frank (1875–1934, nû. 4) en Aaltje Kooistra (1870–1941), troud Ljouwerteradiel 16-11-1943 mei Albertus Hendrik Huizing (1897–1969).

4. Gerrit Frank, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Ik zou wat in je album schrijven’.6 Oerdwers skreaun, ûnder de foargeande bydrage.

Berne Sint Jabik 29-11-1875, ferstoarn Huzum 02-08-1934, soan fan Pieter Frank (1847–1916) en Durkjen Ringnalda (1850–1912), troud It Bilt 23-05-1901 mei Aaltje Kooistra (1870–1941). Underwizer yn Sint Jabik (1891–1900), Holwert (1900–1908) en Hantumhuzen (1908–1909), skoalhaad yn Britsum (1910–1921) en oan de Skrâns (1921–1934).7


5. ‘Aukje’, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Dit broos verganklijk albumblad’.


6. Jantje (Jannie) Grilk, sûnder plak, [wierskynlik tusken 1921 en 1923]. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Ik lag in mijn bedje en sliep’.

Berne Ljouwert 17-03-1913, ferstoarn nei 1960, dochter fan de ûnderwizer en berneboekeskriuwer Cornelis Grilk (1885–1961)8 en Trijntje Bierman (1888–nei 1960), troud Ljouwert 03-04-1940 mei Johannes Cornelis Pauw (1910–1988), widner fan Nelly Gerarda Wilmina Gerwig (1905–1937).


7. Elisabeth (Ep) Andriessen, Ljouwert, 22-05-1923. Buorfamke; wenne op it adres Achter de Hoven 83. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Weinig letters heb ik noodig’.9

Berne Ljouwert 05-03-1904, ferstoarn Bloemendaal 24-04-1983, dochter fan Jan Andriessen (1873–1954) en Aukje Zuidema (1873–1958), net troud.


8. Rinske van der Leij, Ljouwert, 06-09-1923. In beppe fan Rinske. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Het ieder naar den zin te maken’.

Berne Easterwâlde 21-03-1865, ferstoarn Wolvegea 21-06-1932, dochter fan Wiebe van der Leij (1832–1919) en Dina van der Kooij (1828–1918), troud Opsterlân 17-06-1886 mei Willem Gerard Graeler (1856–1929, nû. 9).


9. Willem Gerard Graeler, [wierskynlik Ljouwert, 06-09-1923]. In pake fan Rinske. Gedicht, 7 rigels, earste rigel ‘Wees braaf mijn kind in lief en leed’.

Berne Easterwâlde 26-09-1856, ferstoarn Wolvegea 04-09-1929, soan fan Gerard Johan Graeler (ek Gräler, 1817–1860) en Jantje Alstein (1809–1885), troud Opsterlân 17-06-1886 mei Rinske van der Leij (1865–1932, nû. 8).


10. Cornelia Margaretha Everdina Jaasma, sûnder plak, 21-10-1924. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Altijd zij een veld van rozen’.

Berne Ljouwert 25-08-1912, ferstoarn Amersfoort 23-05-1978, dochter fan Wybe Jaasma (1885–1963) en Marijtje van Zandvliet (1886–1961), troud Ljouwert 03-01-1939 mei Jan van der Velde (1912–1949).


11. Jantje Schaafsma, sûnder plak, 09-04-1925. Gedicht, 5 rigels, earste rigel ‘Daar Gij een album hebt gekregen’.

Berne Ljouwert 24-11-1911, ferstoarn Doetinchem? nei 1981, dochter fan Murk Schaafsma (1883–1955) en Grietje Boonstra (1885–1957), troud Ljouwert 14-11-1939 mei Sjoerd Mook (1906–1973).


12. Catharina (Tine) Vinken, Ljouwert, 30-03-1928. Freondinne fan de hbs. Gedicht, 6 rigels, earste rigel ‘Niet altijd is het zonneschijn’.

Berne Ljouwert 02-04-1912, ferstoarn Tiel? 31-01-1981, dochter fan Pieter Vinken (1882–1940) en Alida Breet (1887–1975), troud Ljouwert 20-12-1946 mei Maarten Willem Dingemans (1901–1978).

Noaten

  1. ‘West-Afrika zal Miss Peak alias Moutchou missen’, Algemeen Dagblad, 30-11-1972.
  2. ‘Mejuffrouw Lootsma (ruim 41 jaar bij CCF) met pensioen: Je moet je als vrouw in een mannenmaatschappij wel erg waarmaken’, Leeuwarder Courant, 01-12-1972.
  3. ‘Mejuffrouw Lootsma nam afscheid als exportmanager CCF’, Leeuwarder Courant, 05-12-1972.
  4. Ek yn it poesyalbum fan Petronella Andringa yn in bydrage út 1902 (Tresoar, Ljouwert).
  5. De earste en de lêste strofe ek yn it poesyalbum fan Saakje Obma yn in bydrage út 1905 (Admiraliteitshûs, Dokkum).
  6. Ek yn de poesyalbums fan Petronella Andringa yn in bydrage út 1902 en Fetske Hemminga yn in net datearre bydrage (Tresoar, Ljouwert).
  7. Hartman Sannes, De schoolmeesters van Leeuwarderadeel, ed. Peter van der Meer, s. 2, 14.
  8. Jacques Vos, ‘Cornelis Grilk’, Lexicon van de jeugdliteratuur, Groningen 1982–2014.
  9. Ek yn de poesyalbums fan Saakje Obma yn in bydrage út 1894, Petronella Andringa yn in bydrage út 1898, Antsje Toornstra yn bydragen út 1901 en 1919 (Admiraliteitshûs, Dokkum), Minke de Jong yn in bydrage út 1914 (eigen kolleksje), Fetske Hemminga yn in bydrage út 1915, Fetsje Postma yn in bydrage út 1918 (eigen kolleksje) en Klaaske Anema yn in bydrage út 1926 (eigen kolleksje). Fierders M.L. van Albada, Poësie. Zes generaties album­versjes, Midlaren 1984, s. 64, yn bydragen fan 1900 ôf.

Pleatst yn Freoneboekjes | Tagged , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op It poesyalbum fan Rinske Neeltsje Lootsma

Georg Trakl, De ûnwaarsjûn

 
De ûnwaarsjûn

O de reade jûntiidsoeren!
Sjoch troch ’t rút it blau belûken
En spril wynleaf tiizjend roeren,
Binnen neskje eangstmespûken.

Stof dat yn rioelstank wyndert.
Wyn dy’t tsjin de finsters opfljocht.
As in keppel wylde hynders
Grille wolken dreaun troch wjerljocht,

Lûd tespringt de fiverspegel.
Kobben krite foar de ramen.
Fjoerpikeur draaft fan de heuvel,
Falt yn ’t wâld útien yn flammen.

Siken raze yn barakken.
Blauwich snuorret nachtlik fûgelt.
Dan ynienen falt mei bakken
Rein, dy’t op de dakken kûgelt.

 

Der Gewitterabend

O die roten Abendstunden!
Flimmernd schwankt am offenen Fenster
Weinlaub wirr ins Blau gewunden,
Drinnen nisten Angstgespenster.

Staub tanzt im Gestank der Gossen.
Klirrend stößt der Wind in Scheiben.
Einen Zug von wilden Rossen
Blitze grelle Wolken treiben,

Laut zerspringt der Weiherspiegel.
Möven schrein am Fensterrahmen.
Feuerreiter sprengt vom Hügel
Und zerschellt im Tann zu Flammen.

Kranke kreischen im Spitale.
Bläulich schwirrt der Nacht Gefieder.
Glitzernd braust mit einem Male
Regen auf die Dächer nieder.

 

Ut Gedichte, 1913

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, De ûnwaarsjûn

Lanlike Gedichtedei: Emily yn it Frysk

 
In jûn oer Emily Dickinson en it oersetten fan har poëzy


Tongersdei 30 jannewaarje 2025, 19.30–21.30
Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert
Dizze gearkomste is yn it Frysk.

Har poëzy is guon lêzers sa dierber dat se har koartwei Emily neame, as wie sy in hertsfreondinne. Tagelyk heart it wurk fan de Amerikaanske dichteres Emily Dickinson (1830–1886) ta de hichtepunten út de wrâldliteratuer. Botte tagonklik is it oars net: Dickinson har gedichten binne faak riedseleftich en tsjuster.

It oersetten fan har wurk yn it Frysk is in dryste ûndernimming, mar it bringt it ek tichterby. Yn neifolging fan de Fryske dichter Obe Postma is Klaas van der Hoek dy útdaging oangongen. It risseltaat is syn lêstendeis ferskynde bondel Smel is it Strân fan ’t Hert, mei 150 Dickinson-oersettings.

Op dizze Lanlike Gedichtedei fertelt Klaas van der Hoek oer Emily Dickinson, har wurk, eardere Fryske oersettings en syn eigen wurkwize. Besikers dy’t dat wolle, kinne nei dizze yntroduksje yn in workshop sels oan de slach om in Dickinson-gedicht oer te setten yn harren memmetaal.

De jûn begjint om 19.30 oere, ynrin fan 19.00 oere ôf. Elkenien is wolkom. De gearkomste is fergees tagonklik, wol graach yn it foar oanmelde. Dat kin hjir.

Pleatst yn Berjochten | Tagged | Reaksjes út op Lanlike Gedichtedei: Emily yn it Frysk