Else Lasker-Schüler, Wrâldbeslút

 
Wrâldbeslút

Der is wat yn ’e wrâld dat gûlt,
As wie ferstoarn ús leaven Hear,
En it leaden skaad dat der hinnefalt,
Drukt as in grêf sa swier.

Kom, skûlje wêr’tst ticht by my bist…
It libben leit yn elkeniens hert
As yn in deamanskist.

Do! Patsje wy dan djip tegearre –
Der kloppet in langstme oan de wrâld,
Wy moatte dêr oan stjerre.

 

Weltende

Es ist ein Weinen in der Welt,
Als ob der liebe Gott gestorben wär,
Und der bleierne Schatten, der niederfällt,
Lastet grabesschwer.

Komm, wir wollen uns näher verbergen …
Das Leben liegt in aller Herzen
Wie in Särgen.

Du! wir wollen uns tief küssen –
Es pocht eine Sehnsucht an die Welt,
An der wir sterben müssen.

 

Ut Der siebente Tag, 1905. YouTube: Brunhilde Sonntag, ‘Weltende’ (1994), útfierd troch Hanna Krieger (sopraan) en Gertrud Firnkees (piano).
 

Dit berjocht is delset yn Mear en tagd , , , . Bookmark de permalink.