In opdracht fan Eeltsje Halbertsma

Eeltsje Hiddes Halbertsma hâlde yn 1818 as studint medisinen in semester yn Heidelberg ta, dêr’t er him bekwaamde yn de ferloskunde. Werom yn Nederlân joech er syn proefskrift yn it ljocht en stjoerde er in eksimplaar nei syn Heidelberger learmaster Franz Karl Naegele. Dat eksimplaar, mei in eigenhandige opdracht, is bewarre bleaun.

Yn novimber 1814 wie Eeltsje Halbertsma, krekt santjin jier âld, nei Leiden tein om medisinen te studearjen. Efkes rekke er dêr yn wat no in identiteitskrisis hjitte soe, mar al gau, sa skreau er oan broer Joast, koe hiel Leiden sjen ‘dat ik niet een fat ben, maar een raauwe en goore vries, die zich niet aan de bon ton steurt’. Yn maart 1818 helle Eeltsje syn kandidaats. Koart dêrnei dûkte er op yn Heidelberg. Hy wie derút knypt fanwegen in ‘secrete historie’, sa’t broer Tsjalling it letter neame soe. Yn in brief út 1836 oan dy syn soan Klaas skreau Eeltsje dêr sels oer: ‘Ik geraakte namentlijk in een draaikolk van het studentenleven, waar geene andere redding uit was dan eene verplaatsing op een andere academie.’

Eeltsje syn ferbliuw yn Heidelberg duorre net langer as in heal jier, mar soe tige wichtich wêze foar syn literêre oriïntaasje. Hy waard yn it stedsje oan de Neckar begeastere troch de Dútske Romantyk en liet dy letter dúdlik trochklinke yn syn eigen lieten en gedichten. Mar earst soarge Eeltsje der nei syn weromkomst yn Nederlân foar dat er promovearre. Dat barde op 13 oktober 1818. Syn proefskrift, titele De vario pondere corporis humani in diverso ejus statu sano, gong oer it ferbân tusken lichemsgewicht en temperamint en ferskynde by de widdo Cyfveer yn Leiden.

In protte spoaren binne der fan Eeltsje yn Heidelberg net te finen, en ien dêrfan is oant no ta ek noch ris oan de oandacht fan Eeltsje-bestudearders ûntsnapt. Yn de Heidelberger Universitätsbibliothek fûn ik in eksimplaar fan Eeltsje syn proefskrift mei op it skutblêd in eigenhandige opdracht oan syn learmaster Naegele:

Viro Clarissimo F: C: Naegele
Praeceptori optimo Amico
intimo Discipulus et Amicus
E: H Halbertsma. M: Doct.

Yn oersetting: ‘Oan de rju ferneamde hear F.C. Naegele, in earsten learaar en goefreon, fan syn learling en freon dr. E.H. Halbertsma’ (de ôfkoarting achter Eeltsje syn namme stiet foar ‘Medicinae Doctor’ en tsjut oan dat er promovearre wie yn de genêskunde). Dat Eeltsje in hertlike omgong hie mei syn learmaster, koe al fermoede wurde út in brief dy’t er yn april 1818 oan Tsjalling stjoerde en wurdt no troch dizze opdracht befêstige.

Franz Karl Naegele of Nägele (1778–1851) wie yn 1807 bûtengewoan en yn 1810 gewoan heechlearaar fysiology en patology yn Heidelberg wurden. Hy lei him ta op de ferloskunde en joech les yn dat fak yn de Heidelberger kreamklinyk, dêr’t er direkteur fan wie. Doe’t Eeltsje by Naegele syn opwachting makke, hie dy syn namme al fêstige mei in boek oer frouljussykten. Letter folgen boeken oer ferloskunde lykas Über den Mechanismus der Geburt (1822) en de faken werprinte learboeken Lehrbuch der Geburtshülfe für Hebammen (1830) en Katechismus der Hebammenkunst (1834). Om út te rekkenjen wannear’t in befalling plakhawwe sil, wurdt noch altyd de Regel fan Naegele tapast.

Naegele syn bibleteek waard feild yn oktober 1852 yn Frankfurt am Main. De feilingkatalogus makket net melding fan Eeltsje syn proefskrift, mar faaks siet dat yn kavel 1485: ‘Dissertationen, größtentheils gebürtshülflichen Inhalts, ungefähr 2000 Stücke in Quarto, einige in Oktavo.’ It proefskrift-mei-opdracht wurdt hjoeddedei yn de Heidelberger Universitätsbibliothek bewarre ûnder de sinjatuer 45,1287.

Dit berjocht is delset yn Fynsten en tagd , , , , . Bookmark de permalink.