Poste restante XXV

    De opslach by it Bakkershûs yn Suwâld, ±1905–1909. Fotokaart, 89×139 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels Harns–Nieuweschans 08-01-1910 en Makkum 08-01-1910. Ferstjoerd oan Oepke Noordmans, Skuzum, troch Frouwke Frederika Margaretha Oosterhuis.

    Beste Domine
    Dit is het kanaal te Suawoude Ik dank U wel voor de mooie anzigten en wensch ook U een gelukkig en gezegend jaar Komt U spoedig weer eens bij ons Wij zijn allen goed gezond. Na hartelijke groeten ook van Pa Ma Dolf uw liefhebbende Frouwke (ik ben niet kwaad)

Boeken en benammen boekjes oer ansichtkaarten binne der by ’t soad, mar dé skiednis fan dat ferskynsel moat noch skreaun wurde. Spesjaal omtinken fertsjinnet dêryn dan de saneamde fotokaart. Guon brûke dat begryp foar eltse ansicht dêr’t in foto op stiet. Under harren H.J. Haverkate; yn syn De geschiedenis van de Nederlandse prentbriefkaart, dat boustiennen oandraacht foar it noch te skriuwen wiidfiemjende ferhaal, befellet Haverkate oan it begryp fotokaart ‘in ruime zin te hanteren voor elke kaart met een fotografisch (d.w.z. werkelijkheidsgetrouw) karakter’.

‘Dorpsopslag, Berlikum.’ Ljochtdruk. Yn 1905
ferstjoerd oan Frouwke Oosterhuis troch S. Epema.

Dy definysje is oaren te dizenich en te rom. Sy beskôgje in ansicht mei in foto dy’t yn druk reprodusearre is – masinaal, bygelyks troch offset – net as in fotokaart, mar brûke dat begryp inkeld foar in echte foto, hânmjittich makke troch fotopapier te beljochtsjen mei in negatyf dertusken, fotopapier mei it formaat fan in ansicht dat op de achterkant yn ’t foar beprinte is mei lyntsjes foar de adressearring. Dêrta wienen pakjes mei op maat makke en ‘beline’ fotopapier yn ’e hannel.

Fotokaarten neffens dy strikte definysje – dy’t my de korrekte taliket – waarden makke troch lytse middenstanners en partikulieren en ferskynden yn beheinde oplagen. It gong op ’en heechsten om in pear tsientallen, reden wêrom’t samlers derop jeie. Byskriften waarden ornaris yn hânskrift op it glêsnegatyf oanbrocht of op de fotokaarten stimpele. De ûnderwerpen wienen faken topografysk – in moai doarpsgesicht bygelyks – mar koenen ek mear privee wêze. De makker fotografearre dan bygelyks syn eigen wenhûs of sette syn frou, bern of hûn op de kyk. Soldaten ferstjoerden graach fotokaarten fan harsels mei in ploechje kompanen (sjoch Poste restante IV).

‘Groet uit Ternaard’. Ljochtdruk, ynkleure.
Yn 1915 ferstjoerd oan Frouwke Oosterhuis
troch har broer Anne Catharinus Oosterhuis.

It wienen sawol professionals as hobbyisten dy’t fotokaarten makken. Wat keazen stânpunt, útkadering en beljochting oangiet, is de kwaliteit fan fotokaarten dan ek hiel wikseljend. Mar de hjir besprutsen fotokaart is in juwieltsje. De anonime fotograaf hat in rustyk sfearbyld skepen, hie in treflik each foar komposysje en drukte de foto hierskerp ôf. In byskrift ûntbrekt, en is ek net nedich: dizze foto is de ferbylding fan in idylle foarby plak en tiid, fan in wetterryk Arkadië.

Soe der in Fryske Huckleberry Finn bestean, dan koe dizze foto sá op it omkaft. Mar it is fansels net de Mississippi dy’t wy hjir sjogge. It is, sa’t de ôfstjoerster al skriuwt, it kanaal by Suwâld, om krekt te wezen it plak wêr’t hjoeddedei it Van Harinxmakanaal oanknopet by it Prinses Margrietkanaal. Suwâld hie dêr in opslach, in oanlisplak foar skûtsjes foar it laden en lossen fan bygelyks turf en terpierde. In fariant fan ús fotokaart, wêrfan’t in eksimplaar yn Tresoar bewarre wurdt, hat dan ek as byskrift ‘Opslag, Suawoude’. Dy opslach lei foar it noch besteande Bakkershûs oan de Suderein, dat yn 1814 set waard yn opdracht fan bakker Bouwe Daniëls van der Meulen. Links op de foto is noch in stikje fan dat Bakkershûs te sjen.

‘Groet uit Ternaard’. Ljochtdruk, ynkleure.
Yn 1915 ferstjoerd oan Oepke Noordmans en
syn frou Johanna Hillegonda Oosterhuis troch harren
sweager en broer Anne Catharinus Oosterhuis.

It skûtsje dat by de opslach leit, mei op it roer it opskrift ‘GARIJP’, wie fan Tamme Wobbes van der Woude (1842–1935), sa stiet te lêzen yn Troch de wyn, in boek út 2012 oer oardel ieu skûtsjes en skippers. Dêr is in oar eksimplaar fan ús kaart yn ôfbylde, dat ek te finen is op in website oer de Van der Woudes út Eastermar en omkriten. Neffens dy site binne de beide mannen op it skûtsje Tamme syn soannen Jochum (1882–1916) en Andries (1890–1954). Jochum – jong ferstoarn oan tbc – stiet links nêst it roer, Andries stiet rjochts by it swurd.

De tsien oare manlju en jonges op de fotokaart binne net bekend. De ôfstjoerster is dat wol: it wie de tolvejierrige Frouwke Frederika Margaretha Oosterhuis, berne yn 1897 yn Suwâld as dochter fan Johannes Oosterhuis, predikant yn Suwâld en Tytsjerk, en Rutgerdina van Heyningen Busch Keiser. Frouwke hie fiif bruorren en sussen, ûnder oare Rutger Adolph Benthem Oosterhuis, de Dolf dy’t sy yn har boadskip neamt. Frouwke hechte oan de krekte stavering fan har namme: yn de ûndertekening sette se in streekje ûnder de w yn har ropnamme. Blykber hie de ûntfanger fan de ansicht dy w by in eardere gelegenheid fergetten, mar it wurdt him ferjûn.

Oepke Noordmans mei frou en bern yn
Sumar, om 1918 hinne. Oernommen út
J.D.Th. Wassenaar, Noordmans in Friesland.
Bijdrage tot de biografie van een kerkvader
,
Zoetermeer 1999.

Dy ûntfanger wie de letter ferneamde teolooch Oepke Noordmans, troud mei Johanna Hillegonda Oosterhuis, in âldere suster fan Frouwke. Oepke, berne yn Easterein yn 1871 as soan fan Dirk Noordmans en Gerbrig de Roos, wie fan boerekomôf. Nei in stúdzje teology yn Leiden en Utert waard er earst dûmny yn Skuzum en Piaam, dêrnei yn Sumar en úteinlik yn it Gelderske Laren. Oepke Noordmans wie in studieus man, dy’t him talei op teology en filosofy, mar literatuer en natuerwittenskip net links lizze liet. Syn kennis en ynsichten joech er troch yn tal fan lêzings en publikaasjes. Geandewei wûn er oan ynfloed binnen de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke en koe er syn gesach benammen yn strideraasjes op it mêd fan tsjerke-oarder en liturgy jilde litte. Noordmans ferstoar yn Lunteren yn 1956.

As teolooch wurdt Oepke Noordmans rekkene ta de ‘etyske rjochting’, dêr’t syn learmaster Johannes Hermanus Gunning in liedende figuer yn wie. De ‘etysken’ woenen ûntkomme oan it dualisme tusken otterdoksy en moderniteit troch de idee fan de persoanlikheid te beklamjen en nei in synteze tusken evangeelje en kultuer te sykjen. Under ynfloed fan Karl Barth naam Noordmans yn letter jierren lykwols in eigen posysje yn. Sintraal yn syn tinken kaam it begryp skepping te stean, net skepping as kreaasje mar skepping as skieding (en dus as oardiel), wat er útwurke yn syn boek Herschepping út 1934. Yn 1935 krige Noordmans in earedoktoraat fan de Grinzer universiteit. Syn Verzamelde werken ferskynden tusken 1978 en 2004 yn alve bannen. De Stichting Dr. O. Noordmans freget mei stúdzjedagen, ‘cahiers’ en in nijsbrief trochgeand omtinken foar syn libben en wurk.

Achterop de fotokaart tanket Frouwke har learde sweager foar de ansichten dy’t er har tastjoerd hie. Ek dizze kaart hat se weromkrigen. Nei har ferstjerren – Frouwke rekke wei yn 1977, yn Amsterdam – waard de kaart tegearre mei oare ansichten dy’t sy libbenslang bewarre hie wer hannelswaar. Under dy ansichten sieten mear bysûndere eksimplaren, mar net ien sa wûndermoai as de ikoanyske fotokaart fan it kanaal te Suwâld.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.