Kategory argiven: Emily Dickinson

Emily Dickinson, 633

  Ik seach gjin Wei - stikt Himeltek - Ik wist - no slút de Hal - De Ierde wiksele Hemisfear - Ik tipte oan ’t Hielal - En ’t glied tebek - en inkeld Ik - In spikkel op … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 633

Emily Dickinson, 795

  De Wierheid is sa âld as God - Ienaaiïch kwa Identiteit - En sy ferneart sa lang as Hy Duale Ivichheid - Ferdwynt dan stilwei op de Dei Dat út it Lânhûs fan ’t Hielal Hysels útdroegen wurde sil … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 795

Emily Dickinson, 1476

  Dyn tinzen komme wurdleas soms As nimste swolchjes yn Fol singeliere heimenis Fan Hillichnachtmielswyn Dy’t asto priuwst sa frij is Mei sa’n gemiensumheid Datst gjin idee hast fan syn priis - En eksklusiviteit   Your thoughts dont have words … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 1476

Emily Dickinson, 770

  In flinke Slok fan Harren Geast Ferfrist - en dan kin Mynt Woestinen troch of Wyldernis As hold er Bottele Wyn - Mei Fearkrêft - Of as Ien dy’t wit Hoe’t in Kamiel - him rist - Sterk is … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 770

Emily Dickinson, 715

  De Sinne sakke - sakke mar - Dochs merkbiet Ik gjin Kleur Fan Achtermiddei oer it Doarp - ’t Wie Noen om Hûs en Hear - De Skimer foel mar - foel mar yn - Dochs kaam der op … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 715

Emily Dickinson, 1096

  Somtiden roetsjt der yn it Gers In smelle Bysfeint om - Hast him al moete? Nee, noch net? Hy lit him iensklaps sjen - It Gers wurdt klyfd as mei in Kam - In flekte Skacht merkst op, Dan … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged , , | Reaksjes út op Emily Dickinson, 1096

Emily Dickinson, 581

  Ik bea - Fansels - En lústere God? Neat mear as hie in Fûgel hurd Op Lucht stampt - mei har poat - En “Jou My” raasd - ’t Bestean - myn Grûn - Wie inkeld - om Josels … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 581

Emily Dickinson, 1263

  Sis hiel de wierheid - sydlingswei - Mei Omhaal treft men Doel Te hel hoe’t sy oerrompelet Us wankel goed Gefoel Sa’t Wjerljocht útlein mei geduld Gjin skrik mear jout oan Bern Moat Wierheid sparkje mei ferdrach Oars rekket … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 1263

Emily Dickinson, 1268

  In Wurd gau kwattele op Papier Wurdt mûlk in Each oan wijd As de Ferskronfele Auteur Yn ivich wynsel leit Besmetting set oan yn de sin Mûlk skipest Wanhoop sa Nodatst op Ieuwen ôfstân bist Fan de Malaria - … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 1268

Emily Dickinson, 1437

  Skamte is de rôze Sjaal Dêr’t wy de Siel yn wuolje Feilich foar in skealik Each - Dy essinsjele Wale Draacht de warleaze Natuer As twongen mise-en-scène Botst mei har yntegriteit - Sublym fan tint is Sjêne -   … Fierder lêze

Pleatst yn Emily Dickinson | Tagged | Reaksjes út op Emily Dickinson, 1437