Van Beijma syn biedwurd ‘Het is meij ziszen næt to dwaên’


 
‘Net lulle mar poetse’ is hjoeddedei tink populêrder, mar it âlde sprekwurd ‘It is mei sizzen net te dwaan’ is ek noch altyd yn swang. It earste skriftlike fynplak fan it sprekwurd datearret al fan 1635. En der binne noch oare fynplakken yn it sparsume skreaune Midfrysk – mear sels as der oant no ta ynventarisearre wienen.

Yn 1999 skonk de klassikus en essayist Jan Pieter Guépin trije alba amicorum oan de Universiteit van Amsterdam. It âldste fan de trije freoneboekjes befettet ynskripsjes út de jierren 1774–1776 fan maten en kunde fan Pieter Jacob Guépin út dy syn Leidske studintetiid. Under harren wie de him letter tige oppenearjende patriot Coert Lambertus van Beijma (1753–1820). Syn bydrage is hast hielendal yn it Latyn: de opdracht ‘Dum mihi concedas socialis munus amoris fidus et inmotus semper amicus ero’, de deitekening ‘Lugd[uni] Bat[avorum] die 21 Junii 1775’ en de tafoeging ‘Frisius’ achter syn namme. Syn Fryske identiteit ûnderstreket er lykwols mei in Frysktalich biedwurd: ‘Het is meij ziszen næt to dwaên’.

Sa’n biedwurd, it symbolum, wie in fêst ûnderdiel fan in albumynskripsje. Coert Lambertus van Beijma brûkte syn Fryske biedwurd faker. De Foarriedige katalogus fan de boarnen fan it Midfrysk neamt in fynplak mei de datum 12 oktober 1788 yn it album amicorum fan Hayo Tuinhout (De Haach, Koninklijke Bibliotheek, 74 H 49; útjûn yn Estrik 23, s. 90) en in fynplak yn in brief út desimber 1793 fan Coert Lambertus oan syn broer Eduard Marius van Beijma (Ljouwert, Tresoar, tagong 319, ynv.nû. 276; útjûn yn Estrik 82, s. 421).

Coert Lambertus van Beijma troch Reinier Vinkeles, 1794

Dy beide fynplakken binne minstens 21 oaren oan ta te foegjen, twa út 1775, sechtjin út 1783 en trije út 1798. Op 13 juny 1775 skreau Van Beijma syn biedwurd by syn bydrage oan it album amicorum fan Antonius van der Heim (KB, 133 L 6). Acht dagen letter, op 21 juny 1775, die er itselde yn it boppeneamde album amicorum fan Pieter Jacob Guépin (Allard Pierson, UvA, Hs. XXX A 110, 3). Tusken 4 jannewaarje en 2 july 1783 ûndertekene Van Beijma sechtjin brieven oan de patriottelieder Joan Derk van der Capellen tot den Pol mei syn biedwurd. En yn 1798, wylst er finzen siet yn Huis ten Bosch yn De Haach, skreau Van Beijma op respektivelik 6, 18 en 23 april ynskripsjes mei tafoeging fan syn biedwurd yn de alba amicorum fan syn ek yn Huis ten Bosch detinearre meistanners Jacobus Kantelaar (KB, 133 L 24), Johan Albert van der Spijk (KB, 131 H 38) en IJsbrand van Hamelsveld (KB, 74 H 29).

Yn syn bydrage oan it album fan Hayo Tuinhout tsjut Van Beijma op it politike boadskip achter syn biedwurd: it is de ‘Spreuk door Burgemeester A.L. Adius voor twee eeuwen in zijne overwinnende burgervaandels gevoerd, en thands weder in en buiten ons Vaderland bevestigt’. Mei ‘A.L. Adius’ bedoelt er Adie Lambertsz, dy’t as boargemaster fan Ljouwert yn 1580 de Spaansken it Ljouwerter blokhûs ôfnaam: de oanset ta de oergong fan Ljouwert en fan hiel Fryslân nei it Steatske kamp. De patriot Coert Lambertus van Beijma moat him oan Adie Lambertsz besibbe field hawwe.

In skildere portret fan Lambertsz út 1592, mei de tekst fan it biedwurd (útjûn yn Estrik 82, s. 76) en in wiidweidich Latynsk byskrift, wie nammers yn besit fan Coert Lambertus syn heit Julius Matthijs van Beijma. Biedwurd en byskrift wienen lykwols lettere tafoegings en waarden by in restauraasje yn 1930 ferwidere. It portret hinget no yn it Fries Museum.

Literatuer
Foarriedige katalogus fan de boarnen fan it Midfrysk, gearstald troch S. van Dellen, Grins 2008.
Frysk út de 18de ieu, teksten en fragminten, IV: 1780–1800 en net datearre stikken, útjown fan A. Feitsma en R. Bosma, Grins 1961 (= Estrikken, 23).
Frysk fan 1550 oant 1801. Oanfollingen, útjûn fan Philippus Breuker, Grins / Kil / Ljouwert 2008 (= Estrikken, 82).
– W.W. van der Meulen, ‘Brieven van C.L. van Beijma aan J.D. van der Capellen tot den Pol’, Bijdragen en Mededeelingen van het Historisch Genootschap 15 (1894), s. 257–389.
– Kees Thomassen, ‘Vriendschap in detentie. De alba amicorum gebruikt op het Huis ten Bosch in 1798’, yn idem (red.), Alba amicorum. Vijf eeuwen vriendschap op papier gezet: het album amicorum en het poëziealbum in de Nederlanden, ’s-Gravenhage 1990, s. 151–160.
– Joris Oddens, ‘Martelaars van Staat. Bataafs stoïcisme en de politieke gevangenschap op Huis ten Bosch in 1798’, De Negentiende Eeuw 38 (2014), s. 294–314.
– Hugo Kingmans, ‘Eerbewijs voor een Leeuwarder burgemeester’, Leeuwarder Courant, 24 july 1987.

Dit berjocht is delset yn Fynsten en tagd , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.