Jezus helpt de hoer oerein
De hoer hûkearze,
de hannen op it reade hier.
Sy wie net op klanten út.
Sy wie alderfreeslikst bang.
In tear lichem klaaid yn read,
sa read as in knoeide fûst
en boppedat ûnder it bloed,
want de lânslju besochten
har te stiennigjen.
As bijen op sûkerguod kamen stiennen op har ta
en sy, de swiete readhierrige hoer,
sy raasde it út: Ik noait, ik noait.
Stiennen fleagen har ta de mûle út as dowen
en Jezus seach dat en woe har
opdolle as in deagraver.
Jezus wist dat der yn de hoer
in skriklike krupsje huze, Hy koe dy weisnije
mei Syn beide lytse tommen.
Hy stuts Syn hân omheech en de stiennen
foelen as donuts op ’e grûn.
Hy stuts Syn hân opnij omheech
en de hoer kaam en tute Him.
Hy snijde har twaris. Dêrsa.
Hy snijde har twaris op elk boarst,
treau Syn tommen deryn oant der molke útrûn,
út dy beide stienpûsten fan huorkerij.
De hoer folge Jezus oeral as in puppy
want Hy hie har oereinholpen.
Sy swarde har ûntucht no ôf
en waard Syn troeteldier.
Mei’t Hy har oereinholpen hie fielde sy
har wer it lytse famke dat in heit hie
dy’t de smoargens út har each fage.
Ja, sy hold harsels yn ’e stokken want se wist,
oan Jezus tanke sy in bestean
sa wis as in troefkaart.
Jesus Raises Up the Harlot
The harlot squatted
with her hands over her red hair.
She was not looking for customers.
She was in a deep fear.
A delicate body clothed in red,
as red as a smashed fist
and she was bloody as well
for the townspeople were trying
to stone her to death.
Stones came at her like bees to candy
and sweet redheaded harlot that she was
she screamed out, I never, I never.
Rocks flew out of her mouth like pigeons
and Jesus saw this and thought to
exhume her like a mortician.
Jesus knew that a terrible sickness
dwelt in the harlot and He could lance it
with His two small thumbs.
He held up His hand and the stones
dropped to the ground like doughnuts.
Again He held up His hand
and the harlot came and kissed Him.
He lanced her twice. On the spot.
He lanced her twice on each breast,
pushing His thumbs in until the milk ran out,
those two boils of whoredom.
The harlot followed Jesus around like a puppy
for He had raised her up.
Now she forsook her fornication
and became His pet.
His raising her up made her feel
like a little girl again when she had a father
who brushed the dirt from her eye.
Indeed, she took hold of herself,
knowing she owed Jesus a life,
as sure-fire as a trump card.
The Jesus Papers [IV], út The Book of Folly, 1972